De Âld-Fryske Ferbining

De Âld-Fryske Ferbining

Troch it meitsjen fan it Âld-Fryske programma foar de LearnFrisian webside, moasten wy ús mysels fansels ferdjipje yn ‘e âlde taal. Dêrtroch kamen wy tige nijsgjirrige dingen tsjin, lykas it oantal Ingelske wurden dy’t wy lâns kommen seach. Wurden as “de”, “dat”  & “en” wiene yn dy tiid skreaun as “the”, “that” & “and”. Gewoan itselde as it Ingelsk, mar spitigenôch binne dat hjoed de dei allegear Hollânske wurden. Wylst it lûd wierskynlik itselde bleaun is.

Der binne sa’n protte likense wurden datst hast sizze soest dat it ea deselde taal west hat. Net allinnich wiene in protte wurden krekt it selde, mar ek in protte wiene hast itselde. Op in pear letters nei. Echt spitich dat it sa gien is.

Fierder sjochst dat der in protte wurden yn foar komme dy’t no yn de Hollânkse taal brûkt wurde, wêrmei datst no wol de konklúzje lûke kinst dat in grut part fan it Hollânsk út it Frysk kaam is, en net oarsom. Wurden as; Lucht, kind, macht, brand, wolken, eigen, nacht en noch folle mear.

Hollânsk wie net de ienige taal, Dútsk kaam der ek yn foar en dat is fansels ek tige nijsgjirrich en dan komme wy op wurde as; Mōnath (Monath), Swester (Schwester), Crank (krank) en noch in pear wurden dy’t ek yn it Hollânsk foarkomme.

Konklúzje; De Fryske taal is troch de tiid hinne in protte feroare, en net op in positive manier. Hoe dan ek, de taal is altyd noch bjusterbaarlik.

Leave a Reply

Your email address will not be published. Required fields are marked *